Afsluiting Floralia

Event details

  • 15 september 2017
  • 19:00
  • It Gebouke

Floralia 2017

Sizze we ‘Floralia’ dan binne der grif hiel folle minsken yn ús doarp dy’t fan alles yn’t sin komt, en dêr ek hiele goede oantinkens oan ha. Dat kin, want yn’t ferline is der wol gauris in ‘Floralia’ organisearre. En doe hat it jierren stil west.
Mar wy kinne no sizze ‘Floralia is werom’!
In wurkgroepke fan sân froulju is hiel enthousiast dwaande om in moaie ‘Floralia‘ op te setten.
It is maaie en der hawwe al hiel wat wurksumheden plak fûn.
As earste wurde alle bern fan De Frissel der by belutsen. Elke learling fan fjouwer oant tolve jier hat al in lyts slûfke mei sinneblompitsjes krigen, mei in ferhaaltsjes derby, wêryn ferteld wurdt wat de bedoeling is. It giet der om wa hat yn’t lêst fan septimber de moaiste of de heechste sinneblom.
En dan hawwe sa’n 60 froulju in blom-stekje oanskaft. En foar harren jildt itselde, wa kin yn de neisimmer pronkje mei de moaiste blom?
Fansels binne der prizen oan ferbûn.
En dan wurdt op freed 6 oktober, yn it Gebouke, de Floralia ôfslúten mei in gesellige neimiddei en jûn.
Mei in tentoanstelling fan de blommen dêr’t de hiele simmer op past is. Mar it is ek elkenien frij om in bysûndere keamerplant yn te bringen. Bygelyks ien dêr’t jo je alle jierren wer oer ferwûnderje om syn bysûndere bloeiwize. Of bygelyks in kaktus dêr’t jo al tweintich jier op past hawwe. Ek in eigenmakke blomstik is wolkom.
De priiswinners wurde dan bekend makke. Der sille ek noch oare aktiviteiten plakfine. Mar dêroer hearre of lêze jo dan wol yn de Barte fan septimber.

Vrouwen van Nu / Friese CPB