Nog geen reacties

Ta oantinken oan Wiebe van der Heide.

Ta oantinken oan Wiebe van der Heide. 

Woansdei foar it sliepen gean seach ik noch eefkes in lêste app. Wiebe op 74-jierige leeftiid stoarn. Unbegryplik: Doet ik rûn de Krystdagen by him wie like it noch sa goed te gean. Fansels siet er faak oan de soerstof, mar de praatsjes wiene as fan âlds. Broer Jan liet noch de moaie handoek sjen dy’t hy fan de Dorsvlegels krigen hie. Alles like sa gewoan……

Wiebe spile yn myn jeugd yn it earste fan de fuotbalferiening TFS en spile dêryn soms in belangrike rol. Oan it ein fan it seizoen 1968-1969 spile it earste fuotbalteam twa beslissingswedstriden tsjin Wergea. Yn de ferlinging makke Wiebe mei in moaie omhaal de beslissende treffer en wie promoasje nei de fjirde klasse in feit.
Wiebe hat in soad foar de fuotbalferiening betsjutten en wie der oant en mei de lêste dei by belutsen. Yn de santiger jierren wie hy trainer fan de welpen en siet hy yn de kantine kommisje. Ein jierren santich spile ik mei Wiebe yn it tredde. Se neamden him altyd “dikke Wiebe”. Wêrom wit ik net…… Yn it seizoen 1979-1980 waard Wiebe lieder fan it earste. Fierder wie Wiebe yn 1983 ien fan de frijwilligers by it bouwen fan ús kluphûs mei klaaigelegenhiid. De lêste jierren wie hy mei broer Jan de behearder fan de kaaien fan ús sportkompleks. By it opheljen fan de kaaien hiene we altyd in petear: oer it waar, de takomst fan de klup as oer it irritante lûd fan it lossittende tou oan de flagge mêst. Dit alles sil ik misse.

Nêst it fuotbaljen wie Wiebe ek in goeie hurdrider. Yn 1970 wist hy mei suske Jantsje de estafette wedstriid te winnen. Wiebe soarge foar de muzyk op de baan. We hiene wat dat oanbelanget deselde hobby, muzyk draaie. Doe liende ik sa no en dan de apparatuer fan Wiebe foar in feestje yn it kluphûs as it kafee. By it ynstallearjen fan de muzyk foar de Krystkuier ha we it noch oer dizze tiid hân. Wiebe hie noch wat âlde apparatuer op de solder stean en nij âld en nij soene we hjir tegearre noch ris nei sjen. Spitigernôch sil dit net mear barre.

Mei Wiebe is ien fan de weinige doarpsfigueren út ús midden weirekke. Wa kin him net! Sa as al sein kamen in soad fuot- en kuorballers troch de jierren by Wiebe oan de doar foar de kaaien fan it kluphûs. Fierder seagen we him faak fytsend as mei de auto yn it doarp. Ofrûne hjerst fytste hy noch oer de Klamersreed doe’t ik oan it toarnbei sykjen wie. Ynienen kaam der in kreet fan de dyk: “wist wol jonkje dat dat net mear mei? Se kinne dy wol oppakke”. Dat wie Wiebe! We kinne Wiebe ek fan it fiskjen op de “daam” by de klokkestoel. Hy wist dêr hiel wat fiskjes út it wetter te heljen.

Wiebe wie yn wurd en gebaer altyd dúdlik oanwêzich. By it fuotbalfjild, mar ek by de jeu de boulers en de biljerters yn ús doarp. Troch it ûnferwachte ferstjerren fan Wiebe sil it ek dêr stiller wurde. En wat te tinken yn hûs v.d. Heide. Foarige wike freed seach ik broer Jan middeis allinnich oan de iterstafel sitten. Twa dagen dêrfoar om sawat deselde tiid rekke de oare stoel oan tafel definityf leech. Ek by broer Jan sil it no stiller wêze…..

Wiebe is te jong stoarn. It hie noch sa moai wêze kinnen. Moai dat hy foarich jier noch genietsje koe fan de reüny. Persoanlik en as fuotbalklup sille we Wiebe wis misse. Jan, Jantsje, Gjalt en fierdere famylje in soad sterkte tawinske yn dizze drege tiid. We libje mei jimme mei en sille Wiebe nea ferjitte.

“The sound of silence” (Simon and Garfunkel)

Nammens de fuotbalferiening, Piter Postma
9 jannewaris 2018

Plaats een reactie