Nog geen reacties

Workshop Frysk Skriuwen

Workshop Frysk Skriuwen

Pleatslik Belang organisearret yn gearwurking mei de Afûk, by foldwaande dielname, yn novimber in workshop Frysk skriuwen. Wolle jo mear leare oer it Frysk en ynspiraasje opdwaan om de taal mear te brûken? Of skriuwe jo wolris yn it Frysk mar kin de stavering better? Jou jo dan op foar dizze workshop.

It programma bestiet út it oefenjen fan it skriuwen en der komme fragen foarby as ‘wannear brûke jo no de ‘f’ of de ‘v’? En wat is de taalregel by ‘û’en ‘oe’? Oan ’e hân fan in kwis wurdt op allerhande fragen antwurd jûn. It is in tige nijsgjirrige middei foar elkenien dy’t ynteressearre is yn de Fryske taal. Dielnimmers geane nei dy middei mei in protte tips wer op hûs oan.

Opjaan
                                Uterlik freed 20 oktober by Corry van der Vee (veevander@planet.nl), tel. 0512-342782

Ynspiraasjemiddei Frysk Skriuwen

Dei:                         tongersdei 9 novimber 2017
Djoer:                     2,5 oere
Tiid:                        13.30 – 16.00 oere
Lokaasje:              It Gebouke, Dr. Kompenije

Kosten:                 € 20,- pp.
Ynklusyf:              lesmateriaal
Ynklusyf:              fergees 3 moanne eduFrysk (gewoanwei € 6,25 pp.)
                             eduFrysk is it online learplatfoarm foar de Fryske taal
Foar:                    elkenien dy’t wol ris Frysk skriuwt en tsjin fragen oanrint

.

 

Plaats een reactie